Giest der altyd mei útstutsen skonk yn

how te bo be a woman kaft

Gepubliceerd in Frysk literêr tydskrift Ensaf #4 (2022). De illustratie bij het gedicht is gemaakt door Tsjimk Scarse.

Giest der altyd mei útstutsen skonk yn

op sneontejûn sit ik mei dy
yn it stomende wetter, swiet
en donker pears fan in

cherry bubble bar delukse, stevich
skom omslút my oan ‘e nekke ta
as in te lytse wite winterjas

dêr ‘t de waarmte fan it iisbearefleis
noch yn efterbleaun is
dyn ding is it iennichste dat driuwt

in oktopus tinkt mei syn tentakels
syn eagen binne grutter as syn mage
mar hy hat trije herten

do strekst dyn lange lidden
teannen prikke yn myn earmsholten
sûchnappen meitsje happende bewegingen

skuorren komme kâld tefoarskyn
stadich útinoar driuwe is net it gefal
giest der altyd mei útstutsen skonk yn

 

Je gaat er altijd met gestrekt been in

op zaterdagavond zit ik met jou
in het stomende water, zoet
en donkerpaars van een

cherry bubble bar deluxe, stevig
schuim omsluit mij tot aan de nek
als een te kleine witte winterjas

waar de warmte van het ijsberenvlees
nog in achtergebleven is
jouw ding is het enige wat drijft

een octopus denkt met zijn tentakels
zijn ogen zijn groter dan zijn maag
maar hij heeft drie harten

je strekt je lange ledematen
tenen prikken in mijn oksels
zuignappen maken happende bewegingen

scheuren komen koud tevoorschijn
langzaam uit elkaar drijven is niet aan de orde
je gaat er altijd met gestrekt been in